Opknapbeurt Ofslútdyk moat toerisme ympuls jaan

18 nov 2014 - 17:13

Deputearre Steaten fan Fryslân hat tiisdei yn gearwurking mei in fjouwertal regionale partners - de provinsje Noard-Hollân en de gemeenten Hollands Kroon, Súdwest-Fryslân en Harns - in beslút naam oer trije projekten dy't meilifte moatte mei de opknapbeurt foar de Ofslútdyk. Yn totaal ferget dit diel in ynvestearring fan goed 80 miljoen Euro. De dyk wurdt fan 2017 ôf troch it ryk fernijd foar in totaalbedrach fan 830 miljoen euro en moat dêrnei takomstbestindich wêze. It beslút hjiroer moat oar in healjier naam wurde.

De regioprojekten dy't meilifte binne de fiskmigraasjerivier, fersterking fan de toeristyske funksje troch de oanlis fan in fytspaad oan de Waadseekant en de opwurdearring fan it monumint en in turbinesintrale foar it opwekken fan enerzjy by Koarnwertersân. Oer de winske fergrutting fan de slûs fan Koarnwertersân is noch gjin beslút naam. Yn 2017 kin de earste skeppe dan de grûn yn.

Trefwurden: 
Ofslútdyk fiskmigraasje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)