Súdwest-Fryslân: keten op partikuliere grûn meie bliuwe

18 nov 2014 - 16:22

De jeugdketen yn Súdwest-Fryslân dy't op partikuliere grûn stean meie iepen bliuwe. Dat hawwe boargemaster en wethâlders besletten. Wol moatte de eigeners fan de keten har hâlde oan in tal betingsten. Ek sil de gemeente der op tasjen dat jongeren ûnder de 18 gjin alkohol drinke en dat de keten gjin konkurrint fan de hoareka wurde.

It giet om in foarriedich beslút. Allinnich as de keten har oan de spulregels hâlde, meie se bliuwe. Sa net, dan geane se ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)