Monissen: gau dúdlikens oer Sionsberg en Pasana

Der sil op koarte termyn dúdlikheid komme oer de takomst fan de Sionsberg yn Dokkum en de âldereinsoarch yn de omjouwing. Dat seit bestjoersfoarsitter Diana Monissen fan de Friesland. Lykas bekend driget in fallisemint foar it sikehûs en ek hat soarchgroep Pasana, ferantwurdik foar sikehûs én de âldereinsoarch yn Noardeast-Fryslân, de sluting fan in tal fersoargingshûzen oankundige.
Foaral foar de kwaliteit fan de âldereinsoarch yn de omkriten fan Dokkum sil De Friesland him hurd meitsje, seit frou Monissen.