Skjinne húskes lâns Fryske autodiken

18 nov 2014 - 14:36

De toiletten fan fjouwer Fryske benzinestasjons komme goed út in hygiënetest fan de ANWB. It giet om de húskes by Texaco oan de A7 by Terwispel, de OK-pompen oan de N31 by Surch en De Pein en om de húskes lâns de A31 by Menaam. By it ûndersyk waarden de húskes twa kear troch laboratoariummeiwurkers ûndersocht op hygiëne en oanwêzige baktearjes.

Alle ûndersochte Fryske pompen hellen de heechst helbere skoare op bakteariële skjinheid. De Texaco oan de A7 skoarde wol matich wat optyske hygiëne oanbelanget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)