Nij wensoarchkompleks Erasmushiem fierhinne klear

It nije wensoarch gebou Erasmus yn Ljouwert is hast klear. It giet om it grutte markante gebou oan de Aldlânsdyk, foar it MCL oer. Doel is om âlderen dêr de mooglikheid te bieden sa lang as mooglik selsstannich wenje te litten en ek om soarch oan te bieden.
Njonken apparteminten komt der in restaurant, in fitnessromte, in kapsalon en in winkel. It gebou wurdt jannewaris takommend jier yn gebrûk naam. Der komme mei-inoar sa'n 300 minsken te wenjen yn it fernijde Erasmushiem.