Baneplan foar iepenbier ferfier

18 nov 2014 - 12:48

It iepenbier ferfier hat te krijen mei in fergrizingsprobleem. Dêrom komt minister Lodewijk Asscher fan sosjale saken mei 20 miljoen euro foar in baneplan yn de sektor. It jild wurdt opbrocht troch it ministearje fan sosjale saken, wurkjouwers en de fakbûnen. Mei it jild wurde jongere sjauffeurs oplaat, wylst tagelyk âldere sjauffeurs trainingen krije om bygelyks langer fit te bliuwen.

Fan de 7500 bussjauffeurs dy't lanlik meidogge, komme der twatûzen fan ferfierder Arriva fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)