Twa ûngelokken op Frjentsjerter rotonde

18 nov 2014 - 11:51
  • Ambulânse

Op de rotonde yn de Hertog van Saxenleane yn Frjentsjer wiene moandei koart achterinoar twa ûngelokken. By beide oanridings rekken minsken ferwûne. Earst ferliende in fytster (28) út Frjentsjer gjin foarrang oan in automobilist (55) út de stêd. Twa oeren letter wie it wer raak. Opnij ferliende in fytster gjin foarrang oan in automobilist, diskear in man (21) fan Seisbierrum.

It 16-jierrige famke út in doarp yn de omkriten fan Frjentsjer en it eardere slachoffer binne troch meiwurkers fan de ambulânse behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)