Winst fytsefabrikant Accell heger

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Fytsefabrikant Accel fan It Hearrenfean hat dit jier flink profitearre fan it moaie waar. It bedriuw ferwachtet dat de winst oer 2014 folle heger útfalle sil as oer 2013. De produsint fan Batavus, Sparta en Kogafytsen hold doe mar 19 miljoen euro oer as gefolch fan in soad min waar. Troch de goeie ferkeap fan elektryske en djoerdere sportive fytsen helle Accell yn de earste njoggen moanne fan dit jier bettere resultaten, meldt it bedriuw.
Topman René Takens ferwachtet dat ek de kommende jierren bettere resultaten helle wurde.