Searje ynbraken yn Súd-Fryslân en Flevolân oplost

18 nov 2014 - 11:20

Mei de oanhâlding fan twa manlju fan 17 en 27 jier tinkt de plysje dat se in searje ynbraken yn Fryslân en Flevolân oplost hawwe. De lêste tiid wiene der ynbraken yn De Lemmer, Eastersee, Emmeloard, Creil en Rutten. De twa fertochten dy't oanhâlden binne, komme út it gebiet.

De plysje hat ferskate wenten en bedriuwen trochsocht. Oan it ûndersyk diene plysjes út Fryslân en Flevolân mei.

Trefwurden: 
ynbrekkers ynbraken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)