Omrop TIP: De ÚTFLECHT – Flecht 2.2

De Útflecht is de nije dramasearje fan Omrop Fryslân. It ferhaal giet oer asylsiker Lionel Machava, dy't ûnderdûkt omdat er it lân út moat. Trije klassegenoaten betinke in plan om omtinken foar Lionel syn saak te krijen. En dat rint aardich út ‘e hân. De Útflecht is op sneon te sjen op Omrop Fryslân Televyzje.
Op alle wurkdagen is de útstjoering earst al yn parten te sjen op www.omropfryslan.nl en ús apps. Hjoed diel 2 fan ôflevering 2.
Denise mist Lionel yn de klasse. Hy is al in pear dagen net op skoalle kaam. Lionel is oan it skaten en fertelt Denise it ferhaal fan syn flecht. Is Denise fereale?