Twizelerheide Fryske 'hannelshaadstêd' op Marktplaats

Twizelerheide is troch Markplaats útroppen ta hannelshaadstêd 2014 fan Fryslân. Neffens de webside hannele 28 prosint fan de ynwenners yn healsliten guod. It meast waard hannele yn frouljusskuon, folge troch wenassessoires en tún- en terrasspullen.
Twizelerheide wie yn 2013 noch hannelhaadstêd fan Nederlân, mar leit it dit jier ôf tsjin Bad Nieuwenschans.