Bitekampanje Noard-Fryslân yn folle gong

18 nov 2014 - 10:02

De bitekampanje yn Fryslân is folop oan de gong. Fan septimber ôf oant en mei jannewaris wurdt der hurd wurke om de biten fan it lân nei it fabryk yn Grins te bringen. Dat betsjut dat der hast 24 oeren deis wurke wurdt, allinnich op snein leit de kampanje stil.

Fanwege de relatyf hege temperatueren is it tige belangryk dat de biten sa gau mooglik nei it fabryk brocht wurde, oars kin der broei ûntstean. Ien sjauffeur bringt deis sa'n 140 ton biten nei it fabryk. Elke hektare grûn smyt wol 100 ton biten op.

Der binne yn Fryslân 180 boerebedriuwen dêr't biten tyld wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)