"Ofslútdyk is bêste plak foar wynenerzjy"

17 nov 2014 - 22:55

De Steaten moatte de Ofslútdyk kieze as plak foar wynmûnen. It moat in enerzjy-dyk wurde. Dêrfoar pleiten guon ynsprekkers op de earste harksit fan Provinsjale Steaten oer it wynmûnebeslút. Deputearre Steaten wolle yn de Iselmar in park bouwe dat 350 megawatt oan wynenerzjy opwekt. Op de Kop Ofslútdyk moat der 30 megawatt opwekt wurde.

Undernimmers en ynwenners út Súdwest-Fryslân bin poer, om't it skealik is foar it toerisme. Op oare plakken, lykas Ferwert, binne se bliid mei de kar foar de mar, om't se dan minder oerlêst ha as op it lân.

Moandeitejûn wie de earste fan fjouwer jûnen werop't ynsprutsen wurde koe. Mei inoar binne der 99 minsken dy't ynsprekke wolle oer dit ûnderwerp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)