Fjouwer TC-leden stappe op by Frysk Ljeppers Boun

Fjouwer fan de tsien leden fan de Technyske Kommisje fan it Frysk Ljeppers Boun binne út eigen beweging opstapt. Ien fan harren is TC-lid Willem Fonk. Foarsitter Jouke Jansma seit dat der ûnrêst binnen it bûn is nei in konflikt by it NK fierljeppen op It Heidenskip, fan 't simmer.
Fonk karde doe in sprong fan ljepper Oane Galama ôf, om't er te let sprong. Galama wachte syn sprong ôf om't de situaasje net feilich wêze soe. Neffens Jansma koenen de TC-leden en it haadbestjoer it net iens wurde oer dit feilichheidsstânpunt.