MFC Aldegea sa goed as klear

17 nov 2014 - 22:03
  • It nije MFC yn Aldegea is sa goed as klear
  • Njonken it MFC komt in spesjale biomat, dêr't op kuorballe wurde kin.

Nei jierrenlange striid is it nije MFC fan Aldegea Smellingerlân no einliks in feit. Takom freed passearret de akte en wurdt it stichtingsbestjoer fan it MFC offisjeel eigener fan it gebou. Yn it multyfunksjoneel sintrum is romte foar ferskate sportklups en ferienings út it doarp. Op de boppeste ferdjipping komt de praktykromte fan in húsdokter.

De gemeente Smellingerlân hat it grutste part fan de 1,7 miljoen oan kosten betelle. It doarp moat sels in bydrage fan 30.000 euro leverje. Begjin takom jier wurdt it MFC offisjeel yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)