Ynformaasjemiddei oer plannen De Skâns

17 nov 2014 - 18:03

Ynwenners fan De Gordyk waarden moandei op in spesjale ynformaasjegearkomste bypraat oer de renovaasjeplannen foar teater De Skâns. De gemeente Opsterlân liet ûnder oare de foar- en neidielen sjen fan renovaasje yn fergeliking mei nijbouplannen fan it teater yn in multyfunksjonele akkommodaasje.

Ek koenen ynwenners de sketsen besjen hoe't de nijbou der yn de praktyk út komt te sjen en mochten se op de middei sels har miening jaan oer de plannen fan de gemeente.

Op 15 desimber bepraat de gemeenteried de beide farianten. Yn jannewaris takom jier nimt de ried in definityf beslút oft se foar renovaasje of nijbou kieze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)