Aksje op Ofslútdyk tsjin wynmûnen yn Iselmar

17 nov 2014 - 17:10
  • Aksje op Ofslútdyk tsjin wynmûnen yn Iselmar

Gearwurkingsferbân Het Blauwe Hart hat moandei op de Ofslútdyk aksjefierd tsjin wynmûnen yn de Iselmar. Dêryn wurkje grutte organisaasjes gear dy't de Iselmar as blau hert fan Nederlân iepenhâlde wolle foar natuer en rekreaasje.

Neffens de aksjegroep is it folle goedkeaper om wynmûnen op lân te setten ynstee fan yn it wetter. Dêrom lit de groep op symboalyske wize 500 miljoen euro yn de Iselmar ta sinken bringe. Dat bedrach soe de boarger opbringe moatte as de wynmûneparken op it lân der net komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)