Skuorren yn muorren troch slûpferkear troch Aldlân

Bewenners fan de Beatrixstrjitte oan it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert hawwe harren nocht fan it drokke ferkear troch de strjitte. It giet om forinzen en frachtweinen, dy de ferkearsljochten op de Aldlânsdyk omsile wolle.
As de gemeente de trochgeande paralleldyk troch de wenwyk Aldlân ôfslute soe, dan kin it slûpferkear net mear oer de Beatrixstrjitte fan it westen nei it easten fan Ljouwert en werom. Dat bart no wol en dêrom is it drok en gefaarlik op de dyk en der is skea. Troch it triljen komme der skuorren yn de muorre.
Der wurdt al langer as tsien jier oer dit probleem praat mei de gemeente, mar dat hat noch gjin fertuten dien.