Gemeente jout taljochting oer asylsikers Riis

Gemeente de Fryske Marren sil moandei 24 novimber in taljochting jaan op de yntinsje-oerinkomst dy't de eigener fan Moai Gaasterlân mei it COA oer de komst fan asylsikers nei Riis. Dat stiet yn in útnoeging dy't oan alle ynwenners fan it doarp stjoerd is. De gemeente en it COA wolle op de gearkomste dúdlikheid jaan oer de plannen dy't der binne foar de komst fan op syn meast 500 asylsikers nei Mooi Gaasterland. Neffens it COA is der ek gelegenheid foar it stellen fan fragen troch de omwenners.
Nei de gearkomste sil de úteinlike bestjoersoerienkomst tusken de gemeente en it COA slúten wurde, seit in wurdfierder fan it COA.