Nije opset Alvestêdetocht soarget foar 200 reaksjes

17 nov 2014 - 14:43
  • Alvestêdekrúske

It bestjoer fan de Alvestêdetocht hat twahûndert reaksjes hân op it foarnimmen om mei yngong fan 2016 alle leden de romte te jaan om te riden. Sa'n fyftich minsken fregen hoe't se lid wurde kinne. Ien man hat him fia in e-mail oanmeld as nij lid, mar it bestjoer nimt digitale oanmeldings net yn behanneling. De man hat berjocht krigen dat er him skriftlik oanmelde moat.

It bestjoer nimt nije oanmeldings yn april en maaie yn behanneling.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)