Korver stapt op as direksjefoarsitter Tsjongerskâns

De Tsjongerskâns op It Hearrenfean © Omrop Fryslân
Direksjefoarsitter Freek Korver fan sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean stapt nei fjouwer jier op. Hy begjint op 1 jannewaris mei in eigen buro yn advisearring en ynterim-managemint.
Korver sil syn wurk oerdrage oan Wander Blaauw, foarsitter fan de ried fan bestjoer fan Zorgpartners Friesland. Blaauw sil it wurk fan Korver tydlik oernimme, oant der in nije foarsitter is.