Rûnom yn de provinsje maatregels tsjin fûgelgryp

17 nov 2014 - 13:44

De fûgelgryp hat op ferskate plakken yn Fryslân ta maatregels laat. Aqua Zoo yn Ljouwert en de Fûgelhelling yn Oerterp hâlde de fûgels binnendoar. De Fûgelhelling hat boppedat in opnamestop en in ferplichte ûntsmetting foar besikers. By pikeboeren driget in wolwêzensprobleem omdat de fleispiken net fuort meie.

De fûgelgryp en it ferfiersferbod foar fûgels hat grutte gefolgen foar bedriuwen, ynstellings en partikulieren dy't wat mei fûgels te krijen hawwe. De bernebuorkerijen binne oant en mei woansdei ticht.

Ofrûne wykein waard op in bedriuw yn in doarp by Gouda fûgelgryp ûntdutsen. De 150.000 lishinnen dêr wurde deamakke en ôffierd. De besmetlike sykte hat him net ferpleatst nei twa bedriuwen yn direkte omkriten, sa waard moandei bekend makke.

Yn it noardeasten fan Ingelân is ek fûgelgryp útbrutsen op in einefokkerij. Der is nei alle gedachten in ferbining mei de útbraken fan fûgelgryp yn Nederlân en, earder, ek yn Dútslân. Dat lit it Britske ministearje fan Lânbou moandei witte. Undersikers yn de trije lannen hawwe kontakt mei-inoar om út te sykjen oft de typen fûgelgryp yn de lannen deselde binne.

It fûgelgrypfirus komt út Korëa, mar it is de fraach hoe't it yn Europa kaam is. Oft it om in fariant fan it fûgelgrypfirus giet dy't deadlik is foar minsken, stiet noch altyd net fêst, It besmetlike firus H5N8 by Gouda kin minsken wol siik meitsje as se in soad mei de bisten yn kontakt komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)