Natuerklups wolle dat Dijksma fergunning sâltwinning ynlûkt

Natuerferienings roppe steatssekretaris Sharon Dijksma op om de fergunning foar sâltwinning ûnder de Waadsee yn te lûken. De oprop is dien troch de Waadferiening, Natuermonuminten en de Fûgelbeskerming Nederlân. Se hawwe in offisjeel beswier yntsjinne by it ministearje fan Ekonomyske Saken.
Dijksma hat Frisia Sâlt yn Harns in fergunning jûn foar de sâltwinning. Dêr kin noch beswier tsjin makke wurde en dat dogge de natuerklups no. Sy binne benaud foar grûndelgong op de Ballastplaat en it sâlt kin ek wol earne oars wûn wurde, fine se.
Frisia Sâlt seit dat se de sâltwinputten folstoarte mei sân om de grûndelgong tsjin te gean. De natuerorganisaasjes hawwe dêr gjin betrouwen yn. Op de Ballastplaat komme in soad trekfûgels. As de plaat sakket soe dat net mear kinne.
Mocht de fergunning yn 2015 wol definityf wurde, dan stappe de natuerorganisaasjes nei de rjochter. De organisaasjes hawwe ek in nije aksje opset. Op goedzout.nl kinne minsken in pûdsje sâlt of in sâltstruier keapje mei goed sâlt en dêrmei it ferset tsjin de sâltwinning stypje.