Omstanners rêde automobiliste út it wetter yn Harns

Twa tsjûgen hawwe moandeitemoarn yn Harns in frou út it wetter rêden. De 87-jierrige ynwenster fan Harns wie mei de auto de Noarderhaven yn riden. Twa manlju dy't dêr oan it wurk wiene, seagen dat. Ien sprong deryn en helle de frou út de auto.
De frou wie ûnderkuolle. It wrak is mei in bergingsauto út it wetter takele. De oarsaak fan it ûngelok is noch ûnbekend.