Stroomsteuring yn súdwesten fan Fryslân

16 nov 2014 - 18:37

Parten fan Súdwest-Fryslân yn de omkriten fan De Lemmer, Balk en Wâldsein hawwe snein oan de ein fan de middei in skoft sûnder stroom sitten. Neffens in wurdfierder fan stroomleveransier Liander lei de oarsaak yn in steuring yn de heechspanningstoer by in ûnderstasjon yn De Lemmer. Wêrtroch de steuring ûntstien is, is noch net bekend.

Mei-inoar sa'n 16.000 húshâldens hawwe lêst hân fan de stroomútfal. Om kertien foar sânen jûns wie de steuring oplost en hie eltsenien wer stroom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)