Man slim ferwûne by oanriding de Grinzer Pein

16 nov 2014 - 15:28
  • By it ûngelok by De Grinzer Pein wie neffens de plysje drank yn it spul

In 61-jierrige ynwenner fan Grinzer Pein is yn de nacht fan sneon op snein slim ferwûne rekke. De man fytste mei syn frou en twa kennissen op de Drachtsterwei doe't er fan achteren oanriden waard troch in auto. Dy waard bestjoerd troch in frou fan 40, ek út Grinzer Pein. It die bliken dat de frou ûnder ynfloed fan drank wie. It slachtoffer is oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Fan him is ek in bloedproef ôfnommen yn ferbân mei alkoholgebrûk.

De útslach hjirfan is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)