Trije famkes rêde autorider yn Dokkum

16 nov 2014 - 13:54

Trije famkes ha sneon it libben rêden fan in autobestjoerder (40) út de gemeente Dongeradiel. De famkes fan 16 út Moarre, Ternaard en Wierum fytsten sneontenacht oer de Mitselwiersterwei by Dokkum doe't se in auto yn de sleat seagen. De bestjoerder lei yn de auto en wie net oansprekber. De alarmearre plysje, brânwacht en ambulânsepersoniel koenen it slachtoffer út syn auto helje. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

Yn ferbân mei mooglik alkoholgebrûk is him in bloedproef ôfnommen. De útslach dêrfan is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)