Jonge ynbrekkers trapearre yn boat
De plysje hat sneontejûn in jonge fan 15 út Frjentsjer oanhâlden. De jonge siet mei twa oaren ûnder in seil fan in boat yn de jachthaven oan de Frisia yn Frjentsjer. De behearder kaam se oer it mad, de trije naaiden út.
De plysje koe de 15-jierrige jonge oanhâlde, de oare twa ûntkamen. By de boat waard in tas mei ynbrekkersark fûn.