"Takomst regionale media ûnwis"

16 nov 2014 - 12:23
  • De Fedde Schurerlêzing luts sa'n 80 belangstellenden nei Tresoar

It is dreech te foarsizzen hoe't de takomst fan de regionale media der út sjocht. Dat it no net goed giet en der wat feroarje moat stiet wol fêst. Dat waard sneon dúdlik by de fjirde Fedde Schurerlêzing by Tresoar. Gastsprekkers wienen heechleraar Henri Beunders fan de Erasmus universiteit yn Rotterdam en direkteur Jan Koster fan Omrop Fryslân.

Digitaliteit en ynternet binne krusjaal foar de takomst, seit Beunders. Omropbaas Jan Koster wol dêrom ta op in digitaal Frysk mediasintrum, dêr't de ferskate Fryske media yn gearwurkje.

De plannen foar sa'n regionaal mediasintrum wurde op dit stuit fierder útwurke. Professor Beunders fynt wol dat de Fryske parse der yn ferhâlding mei oare provinsjes wer wat better foar stiet. It debat oer de takomst fan de media komt op in spannend momint, omdat de Twadde Keamer meikoarten praat oer de kommende besunigings op de publike omrop nei oanlieding fan de mediabrief fan Sander Dekker. Dy plannen betsjutte foar Omrop Fryslân wer mear besunigings mei yngong fan 2017, mar dêr waard sneon amper oer praat. De Fedde Schurerlêzing wurdt alle jierren yn novimber organisearre troch de Ried fan de Fryske Beweging yn de mande mei Tresoar. De byienkomst luts sa'n 80 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)