Man smyt mei blombakken yn Huzum
De plysje hat sneintemoarn betiid op de Huzumerleane yn Ljouwert in man fan 21 oanhâlden op fertinking fan fandalisme. De man wie bot ûnder ynfloed fan drank en smiet mei blombakken. Ien dêrfan hat nei alle gedachten in parkeard bestelbuske rekke. Ek hat er mooglik besocht yn it buske yn te brekken.
De man is ynsletten foar it ûntnochterjen.