4.000 minsken op iepen dei NHL

16 nov 2014 - 10:57
  • De iepen dei fan de NHL luts sneon sa'n 4.000 minsken

De iepen dei fan de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert hat sneon sa'n 4000 belangstellenden lutsen. Dat is wat mear as ferline jier. Studinten moatte lykas ferline jier foar 1 maaie harren stúdzje kieze en komme dêrtroch hieltyd betider op iepen dagen. De NHL mikte sneon ek spesjaal op de foarljochting fan MBO-studinten.

Mei yngong fan 1 septimber takom jier jilde lanlik nije, ferpichte talittingseasken. In MBO-er moat it geskikte fakkepakket hawwe, oars komt er net yn 'e beneaming foar de ferfolchstúdzje.

Ek hiene de takomstige studinten in soad fragen oer wat de ynfiering fan it nije lienstelsel foar harren betsjut.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)