Jorrit Bergsma wint maraton Haarlem

15 nov 2014 - 23:14
  • Jorrit Bergsma

Jorrit Bergsma hat de fiifde wedstriid om de Maraton Cup wûn. Yn Haarlem wie de Boarnster de rapste fan in 23-man sterke kopgroep. Evert Hoolwerf fan Eemdijk waard twadde, Thom van Beek út Leidschendam tredde. It wie foar Jorrit Bergsma al wer de twadde maratonwinst dit seizoen. Earder wie er de bêste by de iepening yn Amsterdam. Yn it klassemint bliuwt Bob de Vries fan De Haule de lieder yn it klassemint. Ploechmaat Bergsma stiet twadde.

By de froulju gong de winst nei Foske Tamar van der Wal. Van der Wal wie de rapste fan in kopgroep fan fjouwer. Lisa van der Geest waard twadde, Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)