Sjinkie Knegt wer op poadium by wrâldbeker

15 nov 2014 - 22:34

Sjinkie Knegt hat by de wrâldbekerwedstriden shorttrack yn Montreal brûns helle op de 1500 meter. De Bantegeaster moast yn de finale de Súd-Koreanen Se-Yeong Park en Da-Woon Sin foargean litte. It is foar Knegt, de winner fan olympysk brûns op de 1000 meter yn Sotsji, al wer de tredde medalje dit seizoen yn it wrâldbekersirkwy. Ferline wykein yn Salt Lake City wûn hy brûns op de 1000 meter en sulver op de 500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)