UNIS Flyers wint mei 5-1 fan Eindhoven

Nei de 2-1 winst fan de UNIS Flyers freedtejûn op it eigen iis tsjin Tilburg waard sneontejûn de twadde kompetysjewedstriid yn en tsjin Eindhoven mei 5-1 wûn. Nei in dikke minút wie it troch Josh Prudden en Ronald Wurm al 2-0 foar de Flyers. Prudden soarge letter ek foar de 3-0 en 4-0.
Levi Houkes makke dêrnei de 5-0 foar de Flyers. Yn de lêste perioade wie der ien skoare fan thúsploech Dolphin Kemphanen.