Follybalsters Snits winne mei 3-1 fan Zwolle

De follybalsters fan Snits ha sneontejûn de kompetysjewedstriid tsjin Zwolle mei 3-1 wûn. Trije dagen nei de winst op Alterno yn de Europeeske kompetysje, begûn de ploech fan coach Petra Groenland mei in 25-14 winst yn de earste set. Dêrnei gong it yn de Snitser sporthal ynienen folle stroefer. Zwolle pakte de twadde set mei 25-18. In sterke tredde set gong mei 25-10 nei de thúsploech. Yn in spannende fjirde set pakte Snits nei 21-21 de lêste fjouwer punten troch de sterke opslach fan Fenna Zeinstra: 25-21.