ONS Snits wint ferrassend fan nûmer twa GVVV

ONS Boso Snits hat sneon yn Veenendaal in ferrassende oerwinning helle op de nûmer twa fan de topklasse GVVV. ONS kaam al binnen de minút spyljen op foarsprong trch in doelpunt fan Tjisse Kerkstra. Martijn Roosenbrug soarge yn de 53e minút foar de twadde goal fan ONS. Yn de slotfaze krige Kerkstra syn twadde giele, dus reade kaart. Yn de blessueretiid pakte ONS-keeper Ivan Landlust noch in penalty.
It wie de fjirde oerwinning fan ONS yn de topklasse fan dit seizoen. De Snitsers stean no op it sânde plak.