Undersyk nei bedriuwsûngefal by akwadukt yn Ljouwert

15 nov 2014 - 15:36
  • Loftfoto fan it wurk oan de Heak om Ljouwert

De Ynspeksje Sosjale Saken en Wurkgelegenheid en it bedriuw Ballast Nedam dogge ûndersyk nei in ûngelok by it Margaretha Zelle Akwadukt by Ljouwert. Tongersdei rekke in meiwurker fan it bedriuw swierferwûne. Hy wie mei kollega's dwaande mei tariedings foar it fuortheljen fan in daamwand fan it akwadukt.

De wurksumheden kinne wol gewoan fierder gean. It ûngelok hat gjin gefolgen foar de iepeningsdatum dy't op de aginda stiet foar 18 desimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)