Sinteklaasyntocht Ljouwert mei inkeld swarte Piten

Tûzenen Fryske bern hawwe sneon Sinteklaas wolkom hiten. Yn de Prinsetún yn Ljouwert kaam de bernefreon flak nei tolven oan. Hy wie yn it selskip fan in tal swarte Piten. Piten mei in oare kleur hie er net meinaam. It organisearjend komitee hie dêrom frege om dat it graach oan de âlde tradysje fêsthâlde wol. It is op dit stuit net bekend oft op oare plakken yn Fryslân Piten wol in oare kleur krigen hawwe.
Foar Simon Wiersma fan it organisearjend komitee yn Ljouwert is it dit jier de lêste kear dat er Sinteklaas ynhellet.