Busrûnliedings Sintrale As gau folboekt

15 nov 2014 - 13:11

De earste rûnliedings oer de Sintrale As tusken Dokkum en Damwâld wiene yn de koartste kearen folboekt. Twa bussen mei beide sawat fyftich belangstellenden rieden sneon foar it earst oer de noch oan te lizzen dyk. Doel fan de busritten is om it trasee sjen te litten.

De organisaasje wie fan doel om om de twa moannen busritten te organisearjen, mar om't der safolle animo is, wurdt dat miskien alle moannen.

Trefwurden: 
Sintrale As busrûnlieding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)