De Marene nije namme fan nijbou dakleazehûs De Terp

15 nov 2014 - 12:39

De Marene is de nije namme fan it tehûs De Terp yn Ljouwert. Dat makke direkteur Van Anken sneon bekend by de iepening fan de nijbou. Yn it natuergebiet by it rivierke de Potmarge yn Ljouwert is in nij ûnderkommen boud foar de dak- en thúsleazen. Ein septimber ferhuzen de bewenners dêrhinne. De offisjele iepening en de ûntbleating fan de nije namme wie sneontemoarn.

Yn it âlde gebou fan de De Terp komme studinten te wenjen.Tagelyk mei de offisjele iepening waard ek in boek oer de bewenners fan De Terp presintearre.

Under de titel 'Het huis van de dakloze' tekene auteur en Omrop Fryslân-sjoernalist Auke Zeldenrust de libbensferhalen op fan fyftjin bewenners. De foto's binne makke troch Tryntsje Nauta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)