Vitens ûntfangt skoalbern mei it each op nije fakatueres

15 nov 2014 - 11:52

Wetterbedriuw Vitens yn Ljouwert hie freed 75 learlingen fan it middelber ûnderwiis mei harren âlden te gast. Sy koene meidwaan yn it laboratoarium. It wetterbedriuw wol dêrmei sjen litte wat sok wurk ynhâldt.

It wetterbedriuw yn Ljouwert nimt alle dagen 1500 meunsters. Dat moat om de kwaliteit fan it wetter yn 'e gaten te hâlden. Yn de takomst ûnstean der 40.000 fakatueres yn de wettersektor yn Nederlân. De jonge minsken kinne harren bygelyks opliede litte ta analist. Vitens wol dêr no alfêst op ynspylje mei de foarljochting.

Trefwurden: 
Vitens wetterbedriuw
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)