Portier yn Ljouwert mei de dea bedrige

De Alde Doelestege yn it útgeansgebiet fan Ljouwert © Omrop Fryslân
De portier fan in hoarekasaak yn de Alde Doelestege yn Ljouwert is freedtenacht mei de dea bedrige. Hy hie in man de tagong wegere. De alarmearre plysje frege de man, 23 jier en sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, om legitimaasje. Hy naaide út, mar nei in achterfolging koe de plysje him oanhâlde en ynslute. De portier hat oanjefte dien.