Benefytgala De Friesland smyt 125.000 euro op

15 nov 2014 - 10:50

In benefytgala fan soarchfersekerder De Friesland hat freedtejûn 125.000 euro opbrocht. It jild giet nei twa goede doelen: it organisearjen fan in dûnsevenemint foar âlderen yn fersoargingstehuzen en it beskikber stellen fan tablets foar âlderen.

It jild waard ûnder oare byelkoar brocht mei in feiling. Ien fan de items dêrby wie in lunch mei steatssiktaris Van Rijn. Dêr waard 3000 euro foar bean. It wie foar de fyfde kear dat it benefytgala hâlden waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)