Jonge drugsdealer (19) oppakt yn Boalsert

15 nov 2014 - 10:13

Nei in melding fan oerlêst hat de plysje tongersdei yn Boalsert in jongeman fan 19 jier út Koudum oanhâlden. Hy hie in wikkel mei in ûnbekende stof by him. Yn syn wenning waarden speed, himp, MDMA-kristallen, in boksbûgel en goed santich nitraatstrikers oantroffen.

De man hat bekend dat er dealer is. Hy is ynsletten. De saak wurdt ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)