Goud foar Leenstra op 1000 meter by wrâldbekerwedstriden

Marrit Leenstra op NK ôfstannen © ANP
Marrit Leenstra hat by de wrâldbekerwedstriden yn it Japanske Obihiro sneon goud helle op de 1000 meter. De rydster út Wikel bleau mei 1.16,23 Ireen Wüst (1.16,34) fan It Hearrenfean krekt foar. De Sinese Qishi Li (1.16,54) einige op it tredde plak. Marrit Leenstra is ek Nederlânsk kampioene op de ôfstân.
Leenstra beskôget de 1000 meter in bytsje as 'har' ôfstân. De 25-jierrige Friezinne hie lykwols oant no dêr noch nea goud op dy ôfstân wûn. Om oan it tiidsferskil te wennen reizge Leenstra folle earder nei Japan ôf as de oare riders.
Leenstra wûn ek al olympysk goud op de ploege-achterfolging by Sotsji 2014. By de NK Ofstannen twa wike ferlyn op It Hearrenfean moast Ireen Wüst ek al har meardere erkenne yn Leenstra.