Glêsfezel Langedike mei subsydzje fan provinsje

De oanlis fan glêsfezel © ANP
De oanlis fan glêsfezel yn Langedike is in feit. Deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Sierd de Boer fan Eaststellingwerf wiene freed by de start fan de wurksumheden. It glêsfezelprojekt yn Langedike is ien fan de acht projekten dat subsydzje krigen hat fan de provinsje yn it ramt fan it ynvestearringsprogramma Wurkje foar Fryslân. Oant 1 juny koe subsydzje oanfrege wurde foar fluch ynternet yn it doarp of de gemeente.