Keninklike ûnderskieding Botsje Walma-Wijnia út Spannum

Gemeente Littenseradiel
De 62-jierrige Botsje Walma-Wijnia út Spannum is freedtemiddei beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Mefrou Walma-Wijnia is al mear as 40 jier warber as mantelsoarger foar in behoarlik oantal minsken út it doarp. Ek is Botsje Walma-Wijnia sûnt 1981 behearder fan it doarpshûs en makket se sûnt 1977 de skoalle skjin. Se krige de fersiersels opspjelde by de iepening fan it nije diel fan it doarpshûs troch boargemaster Johanneke Liemburg fan Littenseradiel.