Meiwurker Ballast Nedam rekket slim ferwûne by akwadukt Heak

Akwadukt westlike ynfalsrûte Ljouwert
By it akwadukt fan de westlike ynfalswei yn de nij oan te lizzen Heak om Ljouwert is tongersdei in meiwurker fan Ballast Nedam swierferwûne rekke. Dit gebeurde by de tarieding fan it fuortheljen fan daamwanden. De wurknimmer is oerbrocht nei it sikehûs. De Inspectie Sociale Zaken en Werkgelegenheid hat fuort in ûndersyk ynsteld. Ek Ballast Nedam sels docht ûndersyk. Der is wol tastimming jûn om fierder te gean mei de wurksumheden.