IIsfûgelwâl yn Lippenhuzen

14 nov 2014 - 16:44
  • De oanlis fan de nêstwâl yn Lippenhuzen

By Lippenhúzen is freed in begjin makke mei de oanlis fan in IIsfûgelnêstwâl. Mei skeppen waard in sleatswâl rjocht ôfstutsen op in plak dêr't iisfûgels sjoen wurde. It komt krekt, want der moat genôch fretten wêze en tûken dêr't it blauwe fûgeltsje fanôf fiskje kin. De rjocht ôfstutsen sleatswâl makket it makliker foar de fûgels om der in hol yn te bouwen dêr't it nêst yn komt.

It giet hjir om in foarm fan agrarysk natoerbehear dy't op mei-inoar tsien plakken yn Súdeast-Fryslân fan 'e grûn komme moat.

Fan sân lokaasjes is it no wis dat dy plakken der ek komme. Boeren wurkje gear mei Landschapsbeheer Friesland om dit mooglik te meitsjen. It tal iisfûgels is nei in pear strange winters bot ôfnaam, mar der binne oanwizings dat it sa njonkenlytsen wer wat better giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)