WTC finansjeel geunstiger foar Cambuurstadion

Der binne noch twa lokaasjes oer foar in nij Cambuurstadion. Dat is it plak dêr't it stadion no sit en in terrein by it WTC. Dit docht bliken út in ûndersyk fan fiif lokaasjes, dat útfierd is yn opdracht fan Cambuur, boubedriuw Dijkstra-Draaisma en de gemeente Ljouwert. Fuort nei de jierwiksel sil dúdlik wurde oft in nij stadion op de lokaasje fan no mooglik is.
Nijbou yn de buert fan it WTC is op dit stuit finansjeel better helber. Mar Cambuur sjocht de lokaasje fan no as in plak dêr't in stik skiednis fan de klup leit.
Dêrom wurdt de kommende tiid nochris ekstra goed besjoen oft it dêr dochs kin.